Tal coronapasjinten yn sikehûzen nimt ek yn Fryslân ta

It tal coronapasjinten dat yn it sikehûs leit, nimt ek yn Fryslân ta. Tiisdei lizze der yn totaal 69 pasjinten mei in coronabesmetting (of in fertinking dêrfan) yn de Fryske sikehûzen. In wike lyn wienen dat noch 58.
© ANP
Fan de 69 pasjinten lizze der 22 op in intensive care-bêd. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland, dat de sifers twa kear yn de wike bekend makket.
Lanlik lizze der 2.198 coronapasjinten yn it sikehûs. De lêste kear dat it safolle wienen, wie begjin febrewaris. It tal pasjinten mei corona op de intensive care is 623.