Fryske seestikelbargen kinne Karibyske koraalriffen rêde

23 mrt 2021 - 17:00

Fryske seestikelbargen moatte de koraalriffen by de Karibyske eilannen rêde. By de Ljouwerter hegeskoalle Van Hall Larenstein ha se de metoade fûn om bistjes te kweken dy't yn it gebiet oerlibje kinne én de natuer helpe om te werstellen.

Seestikelbargekweek by Van Hall:

It giet net goed mei de seestikelbargepopulaasje yn de Kariben. En dat is in probleem, want dy soargje foar in skjin koraalrif. "Door een nog onbekend virus zijn begin jaren 80 bijna al die egels uitgestorven", seit ûndersiker Tom Wijers. "Het gevolg was dat de riffen overgroeid werden met algen. De langzaam groeiende koralen konden dat niet aan. Het hele systeem gleed af van een mooi koraalrif naar een groezelig algenrif."

Fryske seestikelbargen mei Karibyske roots

By Van Hall Larenstein kweke Wijers en syn kollega's dêrom Fryske seestikelbargen dy't it rif skjin meitsje kinne fan algen. Se binne al twa jier dwaande mei it ûndersyk. Yn Ljouwert ha se in lyts 'Frysk-Karibysk gebiet' makke, fertelt Wijers. "We hebben verschillende aquariums die op 25 graden gehouden worden. Daar zitten volwassen zee-egels in en de kleintjes groeien er op. De groten komen uit de Cariben, de kleintjes zijn hier geboren. Dat zijn dus Friese egels met Caribische roots."

Foto: Omrop Fryslân

Yn ferskate flessen litte de ûndersikers mikro-algen groeie. "Dat zijn eencellige plantjes. In totaal zijn er zo'n 100.000 verschillende soorten micro-algen, maar we zijn erachter gekomen dat er één soort heel goed werkt voor de larven van de zee-egels die we hier kweken. Dat is de rhodomonas salina." De lytse larven moatte dy algen opite en sa it koraal wer skjinmeitsje.

"Met de kleine larven die we hier hebben kunnen we allerlei vragen beantwoorden. Wat voor omgeving houdt zo'n kleine larf eigenlijk het meest van? Dat kunnen we dan weer toepassen in het veld."

Unike metoade tapasse yn de Kariben

De stikelbargen dy't yn Ljouwert kweekt binne, geane net nei de Kariben. Dat is te dreech wat regeljouwing en ferfier oanbelanget, seit Wijers. "Maar we hebben nu wel een methode ontwikkeld waarmee we ze kunnen nakweken. Dat is heel uniek. Die methode willen we wel naar de Cariben brengen, om te kijken of we dit ter plekke ook voor elkaar krijgen. Dan kunnen we daarmee het rif versterken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)