Wettertechnology Fryslân krijt 8 miljoen foar ûndersyk

It Ryk lûkt 8 miljoen euro út om wettertechnology-ûnderysk better nei de merk en mienskip te bringen. Wetsus, Rijksuniversiteit Groningen, Deltarus en de NoM krije it jild om de transysje nei in sirkulêre, duorsume en en klimaatneutrale ekonomy rapper foarinoar te krijen. De fiif organisaasjes sitte yn in konsortium en wurkje gear om starters en inisjativen op it mêd fan wettertechnology te stimulearjen.
Wetsus yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It plan fan it konsortium bestiet út twa ûnderdielen: kennisoerdracht en in fûns. De bêste kennisstarters krije dan in bydrage út it fûns om harren ideeën te ûntwikkeljen. Op dy wize hoopje se dat der de kommende jierren tsientallen kennisyntinsive berdiuwen fan de grûn komme. It Ryk jout yn totaal 24 miljoen euro oan ferskate konsortia.