Operaasje Fryske flagge: Mirjam út Skotlân wol graach swimme yn de Bonkefeart

23 mrt 2021 - 15:53

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Mirjam Brady yn Skotlân.

Mirjam Brady yn Skotlân - Foto: Mirjam Brady

De leafde hat derfoar soarge dat Mirjam al santjin jier om utens wennet. Se wie 22 doe't se yn har lêste stúdzjejier yn Grins de mooglikheid krige om nei Ingelân ta. Dat like har wol wat. Dêr kaam se John tsjin dy't letter har man wurde soe. Earst wennen se noch net yn Skotlân, mar dat feroare doe't Mirjam wurk krije koe oan de universiteit fan Aberdeen. Har man woe wol mei nei Skotlân en no is se universitêr dosint psychology.

It wenjen yn Skotlân foldocht Mirjam en har man goed. Se wenje oan de râne fan de stêd Aberdeen. Mei in oerke fytsen bist yn de heuvels en in kertier de oare kant op oan see.

Krekt as yn Nederlân binne de lessen op de universiteiten yn ferbân mei corona allegearre online. Se mist de ynformele kontakten mei har kollega's. Gewoan efkes in praatsje en wat wille hawwe, dat dogge jo net online. In soad fan har earstejiersstudinten hat se noch nea yn it echt sjoen.

Wy hawwe it Frysk en Skotlân stiet bekend om it Gaelic. Oan dy taal kin Mirjam gjin tou fêstknoopje. Dat is ek net sa raar, want Gaelic is in Keltyske taal en kompleet oars as Frysk, Nederlânsk of Ingelsk. Yn it Súd-Skotske Aberdeen prate se Doric. Dat is in soart Germaansk dialekt en folle better benei te kommen. Mirjam praat it noch net. Se hat in boekje om dy taal te learen. Se fynt it wichtich, want ast de taal praatst, berikst minsken better.

Fryslân libbet noch altyd yn har hert. "It Frysk bloed brûst, siedt en bûnzet noch altyd troch myn ieren om." Oars komt se alle foarjierren efkes nei Ljouwert, mar dat kin no net fanwege de coronapandemy. Se hopet dat dat gau wer slagje sil Want dan kin se reedride yn de Alvestêdehal, swimme yn De Blauwe Golf of klimme yn de klimwand yn Bilgaard. De Dokkumer Ie en de Bonkefeart stean ek op har listje fan plakken dêr't se graach nochris swimme wol.

Mirjam Brady yn Skotlân

Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.

Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.

Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)