Wurkgroepkes moatte soelaas biede foar ideeën oer Fryske taal en kultuer

23 mrt 2021 - 15:50

Njoggen Fryske ynstânsjes wurkje tenei gear om in sterker 'kennisfjild oer de Fryske taal en kultuer' te krijen. It giet bygelyks om de Fryske Akademy en Afûk, mar ek om it Fries Sociaal Planbureau en de learstoel Frysk by RUG Campus Fryslân. Se wurkje gear op oantrúnjen fan de provinsje Fryslân.

De stúdzjeseal fan Tresoar yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Mienskiplike plannen moatte neffens deputearre Sander de Rouwe liede ta ien sterk kenniskluster op it mêd fan de Fryske taal en kultuer en minder kwetsbere organisaasjes. Neffens him hat bliken dien dat der in ferlet wie oan mear fisy en gearwurking.

"Ynternasjonale útstrieling"

De belutsen organisaasjes binne al mei de petearen úteinset. De petearen binne wat De Rouwe oanbelanget net frijbliuwend. "Wat ik graach sjen soe is in stevich kenniskluster op it mêd fan de Fryske taal en kultuer mei regionale, lanlike en sels ynternasjonale útstrieling." De provinsje wol it proses begeliede litte troch in kearnteam ûnder lieding fan in ûnôfhinklik foarsitter. Wa't dat wurdt, is noch net bekend.

De njoggen ynstellingen binne de Fryske Akademy, Afûk, RUG Campus Fryslân, Tresoar, Fakulteit Letteren fan Rijksuniversiteit Groningen mei de learstoel Fryske taal en letterkunde, Lektoraat Meartaligens en Belêzenheid by NHL Stenden, it Fries Sociaal Planbureau, Sintrum Frysktalige Berne-opgang. Ek advys fan DINGtiid wurdt meinommen.

Dy gearwurking moat der no komme op trije ynhâldlike punten. As earste de Fryske taal yn it ûnderwiis en de foar-skoalske perioade. As twadde de Fryske taal yn de iepenbiere romte en maatskippij. En as tredde op it mêd fan regionale identiteit, skiednis, erfgoed, kultuer en literatuer.

Lûkers fan dy trije linen binne Joana Duarte fan hegeskoalle NHL Stenden, Mirjam Vellinga fan de Afûk, Bert Looper fan Tresoar en Sandra van Gaalen fan Fers. Mei-inoar binne sa'n 27 wurkgroepleden fan de ferskate ynstânsjes by de petearen belutsen, wêrûnder akademisy, saakkundigen en studinten.

Gjin fúzje, mar wol tûker gearwurkje

"Us oprop as provinsje oan dizze organisaasjes is: kom byinoar en besykje ien mienskiplike aginda foar Fryslân te meitsjen, want we hawwe inoar nedich", seit De Rouwe. "Wy wolle in mienskiplike ambysje yn plak fan eigen ambysjes foar eltse organisaasje." De Rouwe is net út op fúzje fan de belutsen ynstânsjes, mar sjocht wol mooglikheden foar 'tûkere gearwurking'. De provinsje hopet dat der ein dit jier in foarstel leit foar mienskiplike ambysjes en mear gearwurking.

De provinsje hopet ek dat de belutsen ynstellings troch fierdere gearwurking 'minder kwetsber' wurde as no. "Om te foarkommen dat we oer trije jier wer in situaasje ha lykas in pear jier lyn mei de Fryske Akademy sizze wy: kom byinoar, fersterkje inoar en kom mei in mienskiplike aginda."

Harkje nei deputearre Sander de Rouwe

(Advertinsje)
(Advertinsje)