215 nije coronabesmettingen yn de ôfrûne 24 oeren yn Fryslân

23 mrt 2021 - 15:19

It RIVM meldt moandei 215 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 41 mear as moandei. Doe wienen der 174 besmettingen meld. Yn trochsneed wie it deistige tal besmettingen dizze wike 230.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (37), dêrnei folgje De Fryske Marren (31), Smellingerlân en Noardeast-Fryslân (beide 24).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 5 nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus, it giet om ynwenners fan Achtkarspelen (5), Ljouwert (1), Smellingerlân (1), Tytsjerksteradiel (1) en Waadhoeke (1). Der hawwe 2 sikehûsopnamen west yn Fryslân.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 5636 nije coronagevallen registrearre. It deistige lanlike gemiddelde fan de ôfrûne wike wie 6.572.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)