Twadde fertochte foar brânstichting loads Easterwâlde oanholden

23 mrt 2021 - 14:44

De plysje hat in twadde fertochte oanholden dy't mooglik te krijen hat mei de brânstichting fan in loads yn Easterwâlde. It giet om in 51-jierrige man fan Purmerend. Moandei waard al in man fan 50 jier út Amsterdam yn de haadstêd oanholden. Ek hy wurdt fertocht fan belutsenens by de brân fan de loads oan de Houtwal. Yn de nacht fan 29 febrewaris op 1 maart 2020 fleach it pân yn ljochte lôge.

Foto: ANP

De plysje hat wiidweidich ûndersyk dien nei de brân. De brân is ûntstien yn it part fan de loads dêr't de merke-attraksjes stienen. Ut ûndersyk hat bliken dien dat by de brânstichting in brânbere floeistof brûkt is en der mooglik in âlder model fan in Volkswagen Caddy by belutsen is.

Neffens de plysje giet it ûndersyk ek nei de oanhâlding fan de twadde fertochte fierder. Alle fertochten wurde heard.

Trefwurden: 
Easterwâlde fertochte loads
(Advertinsje)
(Advertinsje)