Sân jier sel foar opdrachtjouwer Teslabrannen

De rjochtbank yn Ljouwert hat in 55-jierrige ynwenner fan Burgum feroardiele ta sân jier sel foar de Teslabrannen op 'e Jouwer. Hy hat yn 2018 twa kear in man út Noardwâlde de opdracht jûn om de auto fan advokate Cynthia Grondsma yn 'e brân te stekken.
De útbrânde Tesla fan april © J. de Jong
It Iepenbier Ministearje beskôge in 38-jierrige man út Goaiïngaryp as it brein efter de brânstichtingen, mar hy is frijsprutsen. Der is net genôch bewiis, seit de rjochter. Hy wie earder de eigener fan de CMS-werf yn Ljouwert. De Jouster advokate wie de kurator by it fallisemint fan de werf. By de ôfwikkeling fan it fallissemint soe de relaasje tusken de kurator en de eigeners fan de werf hieltyd grimiger wurden wêze.

Advokate en bern leinen op bêd by autobrannen

De brannen wienen bedoeld om de advokate benaud te meitsjen. Har auto's binne yn maart en april 2018 yn 'e brân stutsen. Beide brannen soargen foar in libbensgefaarlike situaasje: de auto's stiene op minder as in meter fan it hûs, wylst de advokate en har bern op bêd leine. In ynwenner fan Noardwâlde (34) is dêrfoar oppakt. De man ûntkende, mar waard yn maart 2020 troch de rjochtbank foar beide brânstichtingen feroardiele ta trije jier sel en tbs.
By in pro-formasitting op 13 augustus joech de man út Noardwâlde ûnferwachts iepenheid fan saken. Hy joech ta dat er de auto's fan de advokate yn 'e brân stutsen hie en hy joech ek de nammen fan syn opdrachtjouwers. Koart dêrnei iepene justysje it ûndersyk opnij. Op 26 augustus waarden de oanwiisde opdrachtjouwers oanholden. It gie om de 38-jierrige man út Goaiïngaryp en de Burgumer fan 55.

"Ontoelaatbare ondermijning van de rechtsstaat"

Neffens de rjochtbank kin bewiisd wurde dat de Burgumer 3.000 euro jûn hat oan de man út Noardwâlde om de auto's yn 'e brân te stekken. It IM hie dêrom seis jier sel easke, mar neffens de rjochtbank wie dat net swier genôch, sjoen nei de earnst fan de feiten. Dat de brannen stichte waarden om in kurator te yntimidearjen en benaud te meitsjen, neamde de rjochtbank "een ontoelaatbare ondermijning van de rechtsstaat".
Ek tsjin de ynwenner fan Goaiïngaryp hie it IM seis jier sel easke. De man út Noardwâlde sei dat it jild dat er krigen hie fan dy man út Goaiïngaryp wie. Mar dat is neffens de rjochtbank net bewiisd.