UPDATE: Stroomsteuring yn Drachten wer foarby

23 mrt 2021 - 14:19

Troch in steuring ha 41 strjitten yn Drachten tiisdeitemiddei in skoft sûnder stroom sitten. Netbehearder Liander ferwachte dat de steuring oant 16.00 oere duorje soe, mar meldt yntusken dat de steuring foarby is.

Foto: Omrop Fryslân

Liander seit dat it om minder as 2.000 klanten giet dy't lest hienen fan de steuring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)