Cambuur Sjoernaal: Spylje tsjin in tsjinstanner dy't net spylje wol
Mei anti-fuotbal besocht FC Eindhoven moandei yn Ljouwert de nul te hâlden, mar SC Cambuur bruts nei in goed oere troch it Brabanner beton hinne. De oerwinning krige sels noch behoarlik kasjet doe't nei 90 minuten in einstân fan 3-0 op it boerd stie.