Nei God en de basisskoalle binne no ek tegels ferdwûn út Jorwert

23 mrt 2021 - 13:23

By de basisskoalle fan Jorwert binne foar de twadde nacht op rige tsientallen rubberen tegels stellen. Dy leine der noch mar krekt, ûnder de touter. De bern hiene sels it jild ynsammele om it boartersterrein te fernijen, seit in juf fan de skoalle.

Sjoch nei de bylden

De earste tegels binne meinaam yn de nacht fan snein op moandei. In dei letter binne der opnij tsientallen tegels ferdwûn. "We kinne ús hast net foarstelle dat ien dit docht. En ek net dat it net sjoen is", seit juf Sandra Heslinga.

Der lizze no betontegels ûnder de touter, seit de juf. Der kin dus net boarte wurde. "De bern binne dêr wol fertrietlik om. En wy ek."

De kâns dat der nije tegels komme, liket net grut. It is it lêste jier fan de basisskoalle. OBS De Krunenstrobbe docht mei de simmerfakânsje de doarren definityf ticht, omdat der net genôch bern mear binne.

De skoalle hat by de plysje oanjefte dien fan de stellerij. "We moatte ofwachtsje wat it ferfolch wurdt. En we halde marktplaats yn de gaten."

Trefwurden: 
Jorwert basisskoalle tegels
(Advertinsje)
(Advertinsje)