Man jout bankpassen mei oan 'koerier' en wurdt oplichte

23 mrt 2021 - 13:20

De plysje siket in man dy't in ynwenner fan De Knipe oplichte hat. De oplichter is oan de bankpassen fan it slachtoffer kaam en hat dêrmei jild opnaam op It Hearrenfean. De plysje dielt no bylden fan de fertochte.

Foto: Shutterstock.com / Eviart

It slachtoffer hie earst in telefoantsje krigen fan ien dy't har foardie as meiwurker fan de ING. Dy hie sein dat der fraude plege wurde soe mei de bankpassen fan it slachtoffer. In koerier soe de passen ophelje en letter dy dei soe de man in nije bankpas krije.

Doe't der letter in koerier yn in jaske fan PostNL delkaam, joech it slachtoffer syn passen mei. Mar dêrnei waarden gjin nije passen brocht. Doe't it slachtoffer kontakt socht mei syn bank, kaam er derachter dat er oplichte wie.

Mei de passen fan it slachtoffer is in soad jild opnaam by in jildautomaat op It Hearrenfean, seit de plysje. Dy ha op de eigen webside ek foto's stean fan de fertochte by de jildautomaat. Minsken dy't witte wa't it is, wurdt frege om kontakt mei de plysje te sykjen.

Trefwurden: 
plysje oplichting bankfraude
(Advertinsje)
(Advertinsje)