Soargen yn Reduzum oer mooglike komst grutte geitehâlderij by it doarp

23 mrt 2021 - 13:17

Bewenners fan Reduzum hawwe harren organisearre tsjin de plannen foar in geitehâlderij by it doarp. In boeresoan wol it bedriuw fan syn heit omskeakelje fan hast fiifhûndert kij nei hast trijetûzen geiten. Mei de wurkgroep In Sûn Reduzum besykje ynwenners de plannen op te kearen.

Soargen yn Reduzum geiten

De plannen foar de geitehâlderij lizze gefoelich, want elkenien ken inoar yn it doarp. En de leden fan de wurkgroep gunne boeren har ûndernimming ek. Grutste beswieren binne de mooglike sûnensrisiko's foar de omjouwing.

Geitestop

Der rint in grut lanlik ûndersyk nei de link tusken geitehâlderijen en sûnens. Minsken yn de omkriten soene luchtwegeklachten krije kinne. Dat ûndersyk is pas yn 2024 klear. Yn it hiele lân, útsein yn Fryslân en Grinslân, jildt in geitestop, salang't ûndersyk dien wurdt nei it ferbân tusken syktes ûnder minsken en geiten yn de buert.

De wurkgroep tsjin de plannen fynt dat de gemeente Ljouwert syn ferantwurdlikheid nimme moat. Dy fûn it by it ôfjaan fan in fergunning net nedich dat der in miljeu-effektrapportaazje dien waard, want it soe net safolle te krijen hawwe mei de sûnens. En boppedat, geiten binne better foar it miljeu as kij.

Op 50 meter ôfstân

Dat lêste is wier, seit Ypie Boersma fan de wurkgroep. Mar yn it beslút stiet ek dat de gemeente net krekt wit hoe't it sit mei de gefolgen foar de sûnens en dat it dus gjin gefolgen hat foar de sûnens.

"It komt by ús achter en net op 2 km ôfstân. By guon bewenners is it op 200 meter of sels op 50 meter. Bewenners tichtby hawwe 25% mear kâns op longûntstekking. En it binne in soad geiten. Twa kear safolle as de ynwenners fan Reduzum."

Foto: ANP Foto

Ypie Boersma

Otto Boonstra is de boer dy't geiten hâlde wol. Hy nimt it bedriuw oer fan syn famylje. No melke se kij, mar hy sjocht mear yn geiten, want dy sektor docht it goed yn ferliking mei de melkfeehalderij.

Boonstra is him bewust fan de soargen oer de sûnens. Mar de provinsje hat yn 2019 de geitestop derôf helle en dat is net foar neat. De boer wol net wachtsje oant it lanlike ûndersyk klear is yn 2024. Hy wol in filter op de stâl sette. Dat sil net allinich de baktearjes tsjinhâlde, mar ek de geur fan de geiten.

Otto Boonstra is de boer dy't de geitehâlderij oanfrege hat

Trefwurden: 
Reduzum geit
(Advertinsje)
(Advertinsje)