Fiif minsken oanholden foar fernieling en brânstichting mei fjoerwurkbom Stiens

23 mrt 2021 - 11:42

De plysje hat fiif fertochten oanholden nei meardere fernielingen en brânstichtingen yn Stiens. Se soene ûnder oare in fjoerwurkbom troch de brievebus smiten ha by in wenning oan de Ds. S. Huismanstrjitte. Ien fan de fertochten is minderjierrich.

De brânwacht yn Stiens - Foto: AS Media

Fjouwer minsken binne oanholden yn Stiens. Dat giet om ien frou (49 jier âld), en trije mannen (51, 21 en 19 jier âld). De fyfde fertochte is minderjierrich. Hy is oanholden yn in doarp yn de gemeente Opsterlân. Se wurde alle fiif fertocht fan fernielings en brânstichtingen dy't plakfûn ha yn 2019 en 2020. Dat meldt de plysje.

Yn maaie fan 2019 waard in fjoerwurkbom troch de brievebus smiten fan in wenning oan de Ds. S. Huismanstrjitte. Dat wie it begjin fan in rige oan fernielingen en brânstichtingen, yn Stiens en Froubuorren.

Direkt nei it earste ynsidint is de plysje begûn mei in grut ûndersyk. Der is mei tsjûgen praat, en meardere kearen buertûndersyk dien. Der binne ek kamerabylden besjoen. De fertochen dy't no oanholden binne, moatte noch heard wurde. It ûndersyk is noch net klear. Dat meldt de plysje.

Trefwurden: 
Stiens
(Advertinsje)
(Advertinsje)