Advokateduo Anker en Anker wol SC Hearrenfean helpe

23 mrt 2021 - 11:40

Hans en Wim Anker wolle harren ynsette foar SC Hearrenfean. Dat hat it yllústere advokateduo oan de kluplieding witte litten, ûnder it genot fan in gleske jenever. "Wy tinke net yn kampen, wy binne neutraal", sa lit Wim Anker witte. "Wy hawwe al 42 jier in seizoenskaart en meitsje ús soargen oer ús klup. Wy ha oanbean te helpen en wolle alles wol dwaan, makket net út wat."

Foto: ANP

Sportyf sjoen hat de klup in dreech seizoen. Hearrenfean stiet op it tsiende plak, hat noch wol sicht op dielname oan 'e play-offs foar Europeesk fuotbal, mar it sjocht ek dat klups lykas Heracles Almelo en Fortuna Sittard tichterby komme of harren sels al ynhelle hawwe.

Miljoenetekoart

Finansjeel binne der ek soargen, no't der sawat it hiele seizoen sûnder publyk fuotballe is en der mei troch corona minder sponsor-opbringsten binne. En dat wylst it operasjonele tekoart oprûn is ta 6,8 miljoen euro. It operasjonele tekoart is it bedrach wêrby't gjin rekken hâlden wurdt mei opbringsten út transfers.

Ferbining sykje

De advokaten wolle foaral de ferbining sykje tusken de klup, de supporters en de sponsors. Mar ek in motivaasjetraining foar de seleksje heart ta de mooglikheden. Wim Anker: "Der binne allegearre aktiviteiten te betinken."

De bruorren Anker gean op 1 jannewaris 2022 mei pensjoen. Dan hawwe se fjirtich jier lang advokaat west. Wim Anker: "Myn broer eins 42 jier. Hy hie wat langer tiid nedich om safier te kommen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)