Organisaasje: Oerol 2021 giet troch, mar yn oanpaste foarm

23 mrt 2021 - 08:47

It Skylger festival Oerol giet dit jier troch, mar de foarm wurdt oanpast. Dat hat de organisaasje bekend makke. It evenemint is dit jier fan 11 oant en mei 20 juny.

Organisaasje: Oerol 2021 giet troch, mar yn oanpaste foarm

Om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean, meie der minder besikers komme. By alle ûnderdielen fan it festival meie net mear as fyftich minsken tagelyk wêze, en minsken út ferskillende húshândens moatte oardel meter ôfstân hâlde.

Der binne dit jier gjin grutte festivalterreinen, mar der komme trije lytsere 'hubs' dy't ferspraat lizze oer it eilân. It programma hat meardere tema's. Der binne ûnder oare teäterstikken, keunst en talkshows te sjen.

"We hebben de afgelopen maanden heel goed gekeken en overlegd met gemeente Terschelling en provincie Fryslân wat er mogelijk is", seit festivaldirekteur Siart Smit. "We zijn blij en trots dat we veel opdrachten hebben uitgezet voor een breed programma. Er is echt behoefte om weer fysiek van kunst te mogen genieten. Dit wordt wel een Oerol waarbij je ook je badhanddoek mee kan nemen. Tijdens Oerol Festival 2021 heb je naast een mooi programma ook tijd om het natuurschoon van het eiland te ontdekken en de zomer te vieren."

Siart Smit fan Oerol

Foto: ANP
Trefwurden: 
Oerol coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)