Kollum: "Dûnsje in dûnske"

23 mrt 2021 - 08:21

"Yn de list fan gelokkichste lannen fan de wrâld stiet Nederlân op plak 5. Finlân stiet op plak 1. Dat lân skoart altyd heech op it ûnderdiel 'fertrouwen yn inoar'. Dy hâlding soe holpen hawwe om libbens te beskermjen yn de pandemy. Neffens it World Happiness Report hawwe ek de Nederlânners in protte fertrouwen yninoar, soks jouwe se sels oan.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Willem Schoorstra

Fierder is yn it ûndersyk sjoen nei it tal sûne libbensjierren dat minsken ferwachtsje kinne, en nei frijheid fan korrupsje by de oerheid en it bedriuwslibben. Nei dat rychje foel ik spontaan fan de stoel. As ik de berjochten lês, de ferskillende demonstraasjes sjoch en de sosjale media folgje, kin ik my dat 5e plak net foarstelle.

Nederlanners binne oan 'e hân dêrfan benammen lilk, wantrouwich, ûntefreden en ûngelokkich. It byld dat dêrút opstiget, is dat fan minsken dy't by de berte yn in fet mei jittik dondere binne en dat fuortendaalks leechdronken hawwe. Ta foarbyld meie de reaksjes op it op 'e tafel dûnsjen fan Sigrid Kaag tsjinje. Oft jo in oare politike foarkar hawwe is ien ding, in bak stront oer ien hinne kiperje dy't fan kleare wille op in tafel springt, in twadden.

Kaag gie út har dak nei't de earste útslaggen bekend waarden. Se klaude op de tafel en begûn te dûnsjen. Freugdedrift, neamde kultureel antropolooch Rik Roelfzema dat. Dûnsjen is in hast ritueel uterjen fan freugde. Yn oare kulturen is dûnsjen folle mear in yntegraal ûnderdiel fan it deistich libben. Nederlanners binne lykwols in stik stiver. Binne ek al gau fan 'doch mar gewoan, dan dochst al gek genôch'.

Mar dûnsjen is just goed. It produsearret endorfinen yn jins harsens. Endorfinen binne oppeppers en gelokshormoanen. Dy kostje neat, hoechst allinne hinne en wer te hupsen. Dûnsjen helpt de harsens om nije manieren fan tinken te finen. Troch de dopamine en de serotonine dy't dêr ek by frijkomme, kin it pine ferlichtsje. Dûnsjen ferieniget minsken fan alle leeftiden en jout se, likefolle wêr't se weikomme, in mienskiplike taal.

Dat alles oereidzjend tink ik dat wy Kaag har foarbyld folgje moatte. Wy moatte mear en faker dûnsje. In mienskiplike taal fine. Swinge, ek al hast de ritmyk fan in houten waskkniper. Miskien dat wy dan oer trije jier op nûmer 1 stean yn de list fan gelokkichste lannen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)