Minsken dy't dreech oan it wurk komme, komme yn Fryslân goed oan it wurk

Minsken dy't dreech oan it wurk komme kinne, kinne yn Fryslân goed oan in baan komme. Fryslân foldocht oan de lanlike ôfspraken dy't makke binne om ekstra banen te finen foar minsken mei ôfstân ta de arbeidsmerk. It projekt Fryslân Werkt rint op skema.
Hoe wurket Fryslân Werkt?
It projekt Fryslân Werkt is in gearwurking fan alle Fryske gemeenten, de provinsje, wurkjouwers en it ûnderwiis. It doel is om minsken mei in baan oan it wurk te hâlden, en om minsken sûnder baan oan it wurk te helpen. It projekt giet it fjirde jier yn. De klam leit op minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk. Dat kinne wurknimmers mei en sûnder in beheining wêze, jongelju, 50-plussers of statushâlders.
It projekt moat foarkomme dat minsken út kwetsbere groepen yn de bystân reitsje, of, as se der al yn sitte, se derút helje. It Ryk hat dêr fanwege corona no ekstra jild foar beskikber.

Achterstân ynhelle

Yn Fryslân wie in achterstân, mar dy yn ynhelle, seit Friso Douwstra. Hy is wethâlder yn Ljouwert en foarsitter fan Fryslân Werkt. "It rint better en better. Yn 2015 moast Ljouwert as sintrumgemeente fan it regear de wurkleazens oanpakke. Der wienen fierders gjin kaders. Doe tochten we: dat dogge we net allinnich. No dogge alle gemeenten, de provinsje, wurkjouwersorganisaasjes en fakbûnen en it ûnderwiis mei."
Ien fan de dielnimmers oan Fyslân Werkt is Gabriëlle Post. Moandei wie har earste dei fan in proeftiid fan trije moannen foar in baan yn de technyk. Se docht mei, neidat har stúdzje oan de Hotelskoalle net goed mear gie. "Op een gegeven moment was het het toch niet", seit Post. "Nu met de coronacrisis moet ik wat anders gaan doen. Ik had interesse in techniek en dus dacht ik: ik ga ervoor."
Gabriëlle Post op har earste wurkdei © Omrop Fryslân
Post ferwachtet in soad te learen en in fêste baan te krijen. Se moat dêr neist it wurk noch wol jûns in stúdzje by dwaan. Har wurkjouwer is in ynstallaasjebedriuw yn Ljouwert. Dêr wurkje op dit stuit fjouwer minsken fan Fryslân Werkt. En dat rint goed.
"It giet ek wolris fout", seit praktykbegelieder Piet Koerts. "Wannear't se yn it âlde patroan terjochte komme, kin it in hiel gefjocht wurde om dat wer goed te krijen. As it net giet, moatte we ôfskied nimme fan ien. Mar de measte projekten gean goed."
Wurkjouwers kinne jild yn de foarm fan in voucher krije by in fêste oanstelling. "Mar in grutter foardiel is dat we motivearre wurknimmers krije", fynt Koerts. "En dat de persoan hjir op syn gemak is en yn it wurkproses komt. Dat se wer normaal funksjonearje kinne yn it deistich libben. Dat fine we it alderbelangrykste."