Stroomkabel ûnder Skiermûntseach net te kearen

23 mrt 2021 - 07:03

Dat der in stroomkabel fan in wynmûnepark troch it eastlike part fan Skiermûntseach komt, is net mear tsjin te hâlden. De ynwenners fan it eilân wurde oproppen mei te helpen de oanlis op sa'n goed mooglike wize te dwaan. Dat wie it dúdlike boadskip fan projektlieder Olaf Herfst fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat op in digitale ynformaasjejûn foar de eilânbewenners.

Stroomkabel under Skiermuntseach

"Het blijft de westelijke variant. Ook met een nieuwe minister", sei Herfst op in fraach. De eilânbewenners, mar ek natuerbehearder Natuurmonumenten binne dêr noch net fan oertsjûge. Se jouwe it ferset noch net op. De gemeente is ek kritysk, mar hat der net it measte oer te sizzen. Boargemaster Ineke van Gent wiist der wol op dat dit in foarbyld wêze moat foar hoe't je soks oanpakke. Want der komme noch wol wat mear wynmûnen yn see te stean.

De earste fertraging is ek al in feit op Skiermûntseach. Boaiemûndersyk foar it projekt dat troch Tennet útfierd wurdt, is no útsteld nei augustus en septimber fanwege it briedseizoen. Natuurmonumenten besiket noch ynfloed op it hiele proses út te oefenjen by it ministearje, mar is ek ree de juridyske striid oan te gean.

Foto: Henk Boschma

Twa kabels

Der leit in alternative, eastlike rûte dy't troch in folle minder kwetsber part fan de Waadsee giet, nei de Eemshaven dêr't de stroom fierder ferwurke wurdt. It ministearje en Tennet jouwe oan dat dy opsje ôffalt, omdat dêr al tefolle kabels lizze. Dat plak komt pas wer yn byld as yn de takomst nije wynmûneparken op it stroomnet oansletten wurde moatte. De hoop is dat de technyk om soks te dwaan dan ek wer in stap fierder is.

De eilanners binne benaud dat it net bliuwt by de elektrisiteitsferbining dy't no oankundige is. Dy bestiet yn de praktyk net út ien, mar út twa kabels. Ien is net genôch is om alle stroom fan it wynmûnepark oan lân te bringen. Sokke grutte kabels besteane noch net.

Nasjonaal Park Skiermûntseach - Foto: Shutterstock.com (Hollandluchtfoto)

Arjen Kok fan Natuurmonumenten

Ien en oar nimt net wei dat op de gearkomste fan moandeitejûn en ek op eardere bestjoerlike gearkomsten wol meitocht waard oer de oanlis fan de stroomkabel. Want de natuer op de eastkant fan it eilân is hiel kwetsber en hat sa syn eigen dynamyk.

Boarje of baggerje

In kabel ûnder it eilân troch lizze, kin mei ferskate metoaden. Boarje is in mooglikheid. Mar as de dunen te breed binne, slagget dat net. In 100 meter brede strook fuortbaggerje, dy't oan de efterkant dan wer tichtmakke wurde moat om foar te kommen dat it eilân yn twa parten ferdield wurdt, is ek in opsje. De eilânbewenners wiene dêr dúdlik oer: dat fine se hielendal neat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)