Meardere wenningen ûntromme fanwege brân yn Ljouwert

Fanwege in brân yn in auto yn Ljouwert binne yn de nacht fan moandei op tiisdei meardere wenningen ûntromme. Bewenners kamen midden yn de nacht op strjitte te stean.
Bylden fan de brân
De brân wie oan de Van Loonstrjitte yn Ljouwert, om trije oere hinne.
De auto stie sa ticht by de wenningen dat it gefaar bestie dat it fjoer oerslaan soe. De flammen wiene meters heech. Bewenners waarden troch de plysje warskôge. Letter koene se wer werom nei hûs.
De brânwacht hat it fjoer útmakke. Oer de oarsaak fan de brân is noch neat bekend. De plysje fan Ljouwert freget minsken dy't wat sjoen ha, oft se har melde wolle. Dat kin ek anonym.