Fryslân heart by de regio's mei de minste coronastjerte

23 mrt 2021 - 06:00

Yn it suden fan Nederlân wie it risiko om te ferstjerren oan it coronafirus yn de earste coronaweach hast 24 kear sa heech as yn ús regio. Dat docht bliken út in nije analyze fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).

Foto: ANP

Yn de swierste wiken fan de earste weach - de lêste wike fan maart en de earste twa wiken fan april - wie mear as de helte (54 persint) fan de stjergefallen yn Súd-Nederlân feroarsake troch it coronafirus. Yn ús regio wie dat noch gjin 15 persint.

Undersikers fan it CBS skriuwe it grutte ferskil ta oan it feit dat dy stjergefallen yn de earste weach wiene. Yn de twadde weach hawwe de besmettingen en stjergefallen harren mear oer it lân ferspraat. En der wiene ek "meer voorzieningen om besmettingen te onderkennen en ook betere behandelmethodes beschikbaar".

Ynkommen

Net allinne tusken regio's, mar ek tusken ferskate ynkommensgroepen binne der ferskillen yn it stjerterisiko by in coronabesmetting. Yn de earmere groepen is it risiko om te ferstjerren oan it coronafirus heger as yn rikere befolkingsgroepen. Ek alle oare dea-oarsaken smite in heger risiko op ferstjerren op yn earmere groepen. It coronafirus hat dêr gjin fersterkjend effekt op, seit it CBS.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
CBS coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)