Wedstriid fan geduld en rekôrs, mar it giet Henk de Jong mar om ien ding

22 mrt 2021 - 23:12

It spul tsjin FC Eindhoven wie benammen ien fan geduld bewarje, seit trainer Henk de Jong oer de wedstriid dy't syn ploech mei 3-0 wûn. "Dat hawwe wy yn de rêst ek sein: hâld de kop der by en wurdt net negatyf, want as wy raar dogge, dan ferliezje je 'm. Op in gegeven momint falt dy goal wol. De kânsen komme wol in kear."

Henk de Jong

"Wy misse efkes wat minsken, dan komme der wat jonges werom dy't echt krekt wer fit binne. En tsjin in ploech dy't mei alve man efter de bal spylje," seit De Jong. De tsjinstanner wie tige definsyf oan it spyljen. "Sy skrokken op in gegeven momint suver doe't sy oanfalle moasten. Dat is wol humor."

It wie ek in wedstriid mei rekôrs: 22 oerwinningen, 80 doelpunten en de clean sheet nei 14 wedstriden. Mar dêr makket De Jong him net drok om. "It giet my mar om ien ding. Ik ken alle rekôrs, mar it giet der om dat wy oan de ein fan de rit by de earste twa steane."

Erik Schouten

Ek foar ferdigener Erik Schouten wie it in kwestje fan rêst bewarje. "Het was moeilijk af en toe, vooral in de eerste helft. We hebben wel wat kansen gehad, maar ook weggegeven. We zeiden in de rust: hij komt vanzelf, als we maar geduldig blijven. En de bal snel laten gaan en de loopacties blijven maken. Gelukkig scoren wij in de tweede helft, dan zie je dat zij moeten en wij niet meer hoeven. Dan wordt het al makkelijker. Gelukkig maken we nog een 2 en 3-0."

Hy fynt it spitich dat Eindhoven sa ferdigenjend spile. "Eindhoven is vaak een ploeg die wel leuk wil voetballen. Ik snap dat ze iets behoudender willen spelen, maar dit was wel heel extreem. Ze proberen wat, dat is hun goed recht. Maar ze hebben geen leuke maandagavond gehad denk ik."

(Advertinsje)
(Advertinsje)