PvdA-fraksje wol in 'Betinkbosk' yn Ljouwert

22 mrt 2021 - 22:12

De Ljouwerter fraksje fan de PvdA wol in 'Betinkbosk' ynrjochtsje. Dat moat in publike romte wurde dêr't minsken in beam plantsje kinne om wat te betinken, bygelyks in jierdei of just it ferstjerren fan in persoan. PvdA-riedslid Ursula de Voogd leit takom woansdei it plan foar oan de ried.

Foto: Shutterstock.com (Jelte Bosma Fotografie)

In tal boargers wie by har kaam mei de fraach werom sa'n bosk der noch net is yn Ljouwert. "Toen ben ik gaan onderzoeken wat het precies was en of het ook mogelijk zou zijn in Leeuwarden. Ik wordt er heel enthousiast van," seit De Voogd.

Fan jubileum oant ferstjerren

Sy leit nochris út wat in Betinkbosk krekt is: "Mensen kunnen een boom planten om iets te gedenken. Dat kan bijvoorbeeld een jubileum, een bijzondere verjaardag, de geboorte van een kind of het overlijden van iemand zijn. Je creëert de natuur. Er zijn ook mensen die vijftig jaar getrouwd zijn en het leuk vinden om daar met de familie een boom voor te planten. Elders in het land gebeurt dat al."

Om't net ien noch it inisjatyf naam, docht de Voogd dit no. "Ik heb gevraagd of er überhaupt wel plek is in Leeuwarden om bos te planten. Mij is verzekerd dat die plekken er zijn. Maar het moet ook ontstaan, ik ben er als raadslid niet voor om ze aan te wijzen."

Earste stap

Der binne yn de riedsgearkomste ek twa ynsprekkers foar it inisjatyf. "Een boswachter van Staatsbosbeheer die net zo'n bos in Drenthe beheert en er komt ook een vrouw uit de uitvaartbranche die al met een dergelijk initiatief bezig was." De Voogd fynt dat de gemeente hjir de earste stap yn sette moat. "Het zou mooi zijn als de raad het ondersteunt en er financieel ruimte voor maakt. Dat is natuurlijk ook wat de andere partijen vragen: wie betaalt het en wat moet het kosten?"

PvdA-riedslid Ursula de Voogd

Trefwurden: 
Ljouwert PvdA Betinkbosk
(Advertinsje)
(Advertinsje)