Cambuur bekrêftiget kopposysje en wint mei 3-0 fan FC Eindhoven

22 mrt 2021 - 21:52

SC Cambuur bestevige moandeitejûn de kopposysje yn de difyzje en de foarsprong op De Graafschap as nûmer twa: it waard 3-0 tsjin FC Eindhoven. De ploech fan Henk de Jong wûn yn eigen hûs fan it alvetal fan Ernie Brandts.

Michael Breij fan SC Cambuur - Foto: Orange Pictures

Yn it earste part fan de wedstriid liet SC Cambuur sjen dat sy goed druk sette koene op de ferdigening fan FC Eindhoven. De taktyk fan de ploech op besite wie ien fan it ferdigjenjend kontrôle hâlde. Inkeld Van der Sande en Donkor holden harren dwaande mei it oanfallen fan Cambuur. De oare njoggen spilers benammen mei ferdigenjen.

Griis-oranje muorre

Cambuur wie ek de ploech mei it measte balbesit. Dêrtroch krigen de spilers fan Ljouwert ek de measte kânsen. De earste grutte kâns kaam by oanfaller Nick Doodeman wei. It slagge Cambuur om troch de muorre fan Eindhoven te brekken, Doodeman krige de bal mei in skerpe pass oanspile en helle krêftich út. It hat net ta in goal laat, mar it wie wol it resultaat fan it druk setten fan Cambuur. It wie Cambuur dat op syk wie en op syk wie, mar it wie dreech foar de ploech om in gatsje te finen troch de griis-oranje muorre fan Eindhoven.

Fierder wiene der yn it earste healoere fan de wedstriid in tal frije trapen en korners, mar ek dy smieten gjin doelpunten op. De earste frije traap fan de râne fan de 16-meter waard naam troch Mühren, mar fia de muorre gie de bal heech oer. De korner dêrnei waard fuortkopt. De folgjende frije traap kaam ek op de hollen fan de Eindhovenaren.

Robert Mühren besocht it mei in bôgebal, mar dy plofte boppe-op de deklatte. It wie wer Mühren dy't it efkes letter nochris dwaan woe, mar dit skot kaam fia de skonk fan ien fan de ferdigeners op it dak fan it doel telâne. En sa stuitere Cambuur ek it skoft yn: yn de earste helte fan de wedstriid bleau it 0-0.

Twadde helte: beleanning fan geduld

Nei it útpûsten yn it skoft krijt Mac-Intosch noch in moaie kâns mei help fan in ôfstânsskot, mar keeper Van Swinkels wist 'm noch krekt te rêden. Dat slagget einhoven lykwols net by in twadde korner, naam troch Hoedemakers. Oanfierder en sintrale ferdigener Erik Schouten kopte de bal yn de fierste hoeke. Foar Cambuur in beleanning foar it bewarjen fan it geduld: de 1-0.

De foarsprong foar Cambuur soarge dochs foar swithantsjes by Eindhoven: Biemans waard ferfongen troch Van Rosmalen. Mar ek Henk de Jong wiksele yn syn ploech: Doodeman en Breij ferlieten it fjild foar David Sambissa en Jasper ter Heide. Cambuur krige noch in frije traap, mar ek dy ferdwûn yn de muorre fan de tsjinploech. Trainer Ernie Brandts wiksele Dahlhaus foar Botermans.

Yn de slotfaze fan de wedstriid bekrêftige Cambuur de foarsprong mei in treffer fan David Sambissa. En krekt foar de ein fan de wedstriid slagge it Ragnar Oratmangoen om noch de 3-0 te meitsjen foar Cambuur yn de koarte hoeke. Ek folgen der noch trije wiksels: Bangura, Oratmangoen en Mührenwaarden ynwiksele troch Kramer, Ladan en Pouwels. De ekstra minuten makken gjin ferskil mear foar de tsjinstanners, de wedstriid einige yn 3-0 foar Cambuur.

Opstelling oan it begjin fan de wedstriid:

SC Cambuur: Stevens, Mac-Intosch, Schouten, Schmidt, Hoedemakers, Korte, Breij, Bangura, Doodeman, Mühren, Oratmangoen

FC Eindhoven: Swinkels, Amevor, Biemans, Peijnenburg, Van der Sande, Van Son, De Keersmaecker, Vermeulen, Donkor, Bogaers, Dahlhaus

(Advertinsje)
(Advertinsje)