FIDEO: "Mem sleutel mei?", it ferhaal fan Isabella

22 mrt 2021 - 20:42

It leafst wie Isabella grut wurden by har eigen mem. Dochs begrypt se sels hiel goed wêrom't dat net koe: de rollen wiene omdraaid. Fan it momint dat Isabella út hûs pleatst waard, binne opnamen makke. Yn de tredde ôflevering fan Fan binnenút sjocht Isabella tegearre mei har jeugdbeskermer Ria, letterlik en figuerlik, werom op dat momint. Hoe wie dat foar har?

Yn de rige Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. Yn de acht ôfleveringen wurde oangripende en persoanlike ferhalen ferteld oer it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland.

De searje Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? is alle moandeis te sjen op telefyzje om 17.15 oere en wurdt alle healoeren werhelle.

Prate oer wat der te sjen wie yn in ôflevering fan 'Fan binnenút', of help nedich? Sjoch by Jeugd en Gezinsbescherming Friesland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)