Moandei iepenet it earste Fryske bûtenbad: op 1,5 meter yn it 25 meter-bad

Oer in wike iepenet it earste bûtenbad fan Fryslân de doarren. By swimbad It Gryn yn Stiens binne der maksimaal 16 swimmers yn it oere wolkom. Gewoanwei iepenet it bûtenbad yn Stiens pas om de maaiefakânsje hinne, mar BV Sport hat besletten it 25 meter-bad earder iepen te smiten fanwege de coronaperikels.
© Shutterstock.com (Andrey Armyagov)
Ek lokale swimferieningen kinne gebrûk meitsje fan it bad, bûten de reguliere iepeningsoeren om. Bedriuwslieder Arnold van Oosterum is bliid dat hy de ynwenners fan de gemeente wer de kâns biede kin om yn de iepenloft te sporten.