Rotonde by Oranjewâld troch fêsthâldend Pleatslik Belang

Der komt in rotonde op de krusing tusken de Oranje Nassaulaan en de oprit nei de A32 yn súdlike rjochting, tusken Oranjewâld en It Hearrenfean. Dat der in rotonde komt is te tankjen oan de fêsthâldenens fan Pleatslik Belang Oranjewoud. De gemeenteried stimde yn oktober 2020 yn mei in plan om it krúspunt ferkearsljochten te jaan. Mar op oantrúnjen fan de bewenners hat de gemeente nochris nei de plannen sjoen.
Kees den Otter, Christel Koning en Jaap van Veen © Gemeente Heerenveen
Earder like in rotonde op de lokaasje net helber, joech wethâlder Jaap van Veen oan. Doarpsbelang koe de gemeente der fan oertsjûgje dat in rotonde wol echt better wie. "Een rotonde is maatschappelijk een betere en veiligere oplossing," seit Kees den Otter fan it Pleatslik Belang.
It wurk begjin yn 2023, de rotonde wurdt tagelyk oanlein mei it wurk oan de Oranje Nassaulaan en de oansluting op de Burgemeester Falkenaweg.