20 jier nei de tongblierkrisis: "Ik waard doe libbe"

22 mrt 2021 - 18:24

It is dizze wike 20 jier lyn dat de tongblierkrisis útbruts yn ús lân. It earste gefal wie noch fier bûten ús provinsje, mar binnen in pear wiken wie it ek yn Fryslân mis. Sa moasten bedriuwen yn Ie en Anjum romme wurde nei in besmetting. Yn totaal moasten yn hiel Nederlân tûzenen kij ôfmakke wurde. It soarge foar benaude tiden foar Fryske boeren. "Mei de peaskedagen stean je der noch by stil," sa seit Cees Boersma. "Mar ik wol no ek nei de takomst sjen."

MKZ-Krisis

"Sjoch, dizze bistjes meie noch krekt efkes wat mear ite," seit Cees Boersma fan Ie wylst hy it foerstek oanfaget. Efter de stekken stean 120 kij te sjen nei de wurksumheden fan harren eigener. Dy eigener hellet oantinkens op oan de krisis dy't 20 jier lyn Fryslân yn 'e besnijing hie.

Op 16 april 2001 kaam foar Boersma it needlottige nijs. "We krigen it berjocht dat der romme wurde moast. Dat sloech yn as in bom. It nuvere is, je hawwe dat sels net iens sa troch. Je geane gewoan oan it wurk en witte dat alles binnen in wike fuort wêze moat."

"Ik waard libbe"

It bedriuw fan Boersma leit yn de straal fan twa kilometer wêr de earste Fryske besmetting fêststeld wurdt. "Dat wie in heftige perioade, benammen dy earste wiken waard ik echt libbe. Alles wat troch myn heit en pake opboud wie, dat waard opromme. Je krije in telefoantsje dat je yn de sirkel falle dat de boel romme wurde moat. Twa moannen letter binne wy wer opstart. Al mei al binne der 200 bisten romme."

De opstart hat hiel wat fuotten yn 'e ierde hân. "Der binne sa'n 20 kij kaam en mei de krystdagen binne se wer ôffierd nei de Rendac. Je hawwe der in soad tiid yn stutsen. Dus dat hat wol wat mei my dien. It gie om heechdrachtige kij, dy keallen en kamen der net mear boppe-op."

Boer Cees Boersma - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Cees Boersma oer de tongblierkrisis

Net allinnich foar de boeren, mar ek foar boargers hie de krisis in grutte ynfloed. "Je zag dat iedereen zich met elkaar verbonden voelde," seit bistedokter Peter Egberink. Hy is ferbûn by de romming fan alle bisten yn de omkriten fan Dokkum. It docht him sear. "Ik vond het vooral oneerlijk voor alle dieren. Die hadden geen idee wat er aan de hand was. Maar ook de boeren, dat was verschrikkelijk. Alles wat je opbouwde was je kwijt."

Goed hannele

Dochs tinkt Egberink dat it net oars kinnen hie. "We hebben toen goed gehandeld, anders wat het helemaal uit de hand gelopen. Het is hetzelfde als met de coronacrisis nu. Je levert in om het grotere goed te redden." Dochs is tongblier noch net de wrâld út, sa wit ek de bistedokter. "Maar we hebben tegenwoordig een veel betere monitoring. We weten wat binnen komt en waar vlees uit bestaat. De kans op wéér zo'n crisis is dus flink afgenomen."

Bistedokter Egberink oer de krisis

Bistedokter Peter Egberink - Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)