Fuotbalanalist Aad de Mos gjin supporter fan SC Hearrenfean: "Totaal niet in balans"

22 mrt 2021 - 18:14

Hy wûn as trainer in Europa Cup II mei KV Mechelen, waard kampioen mei Ajax en is no benammen ferneamd om syn fuotbalanalyzes op Twitter: Aad de Mos. Yn de SportCast sykje we kontakt mei de âld-fuotbaltrainer dy't syn ljocht skine lit oer it middenfjild fan SC Hearrenfean, de kânsen fan SC Cambuur yn de earedifyzje en sels it Nederlânsk alvetal komt foarby.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

De wedstriid tusken SC Hearrenfean en FC Twente fan ôfrûne freed hat gjin yndruk makke op De Mos. "Heerenveen is totaal niet in balans, ik denk dat het voetbal op dit moment niet geweldig is. Je ziet ook vaak dat trainers dan de weg kwijtraken en er een beetje een tombola van gaan maken. Dat heeft ook te maken met de disbalans die Gerry Hamstra voor de trainer heeft neergelegd", sa seit de âld-fuotbaltrainer dy't yn de jierren tachtich namme makke by ûnder oare KV Mechelen en Ajax.

Middenfjild moat oars

Neffens De Mos moat it middenfjild fan de Feansters oars: "Lasse Schöne is 'over the hill', Siem de Jong is 'over the hill'. Je hoeft geen kenner te zijn om te zien dat het middenveld met Halilovic en Schöne niet in balans is. Je hebt er één van nodig. En je hebt ze allebei niet nodig, als je Joey Veerman op die positie zet." Trainer Johnny Jansen moat dêryn in hurdere kar meitsje, sa fynt De Mos. "Vaak zie je dan dat onervaren trainers parkeerplaatsen zoeken voor namen."

Oer SC Cambuur is De Mos better te sprekken, al betsjut de mooglike promoasje fan de Ljouwerters nei alle gedachten wol dat 'syn' ADO Den Haag derút fljocht. Rêdt Cambuur it op yn de earedifyzje? "Ik denk het wel. Er zijn heel veel zwakke ploegen, ook in de eredivisie. Ik vind sommige ploegen in de Keuken Kampioen Divisie beter dan de onderste zeven van de eredivisie."

Fuotbalanalist Aad de Mos - Foto: Orange Pictures

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)