Stichting Wolvehek pleitet foar stek om Frysk greidegebiet

Ut namme fan alve agraryske organisaasjes hat Stichting Wolvehek Fryslân moandei oan kommissaris fan de Kening Arno Brok in petysje oanbean foar de bou fan in wolvestek om it Fryske greidegebiet hinne. Guon wolle de wolf net om hûs en hear hawwe fanwege it gefaar foar de skiep, kij en hynders. De petysje waard oanbean foar it provinsjehûs mei dêrby 'wolveproaien' lykas skiep, lamkes, in keal en in ponny.
Petytsje foar bou fan wolvestek oanbean oan kommissaris Brok
"De wolf yn Nederlân kin echt net. Se pakke alle bisten. Earst binne de skiep de bear en letter ek de oare bisten." Dat seit boeresoan Thomas Bouma fan de Lammesprong yn Aldeboarn. Hy wol letter ek skieppeboer wurde, lykas syn heit no. Der hat by harren noch nea in wolf yn de keppel skiep west. Wol is it twa kear hast misgien.
Kommissaris Brok naam de petysje yn ûntfangst. "Wy sille it der nochris goed oer hawwe mei de fraksjefoarsitters. Dy beslute oft se mei dizze diskusje fierder wolle," sei hy.

Draachflak

Woansdei is der in gearkomste mei saakkundigen oer it wolvebelied. De Stichting Wolvestek hat it stek yn jannewaris sels oankundige. No komme se mei in petysje dy't alle grutte organisaasjes yn de skieppe-, kowe- en hynstewrâld ûnderskriuwe.
De organisaasje dy't efter it wolvestek stean binne: Agrarische Jongeren Friesland, de Fryske LTO-leden, de boer-en-natuergroepen Noardlike Fryske Wâlden, Waadrâne, Súdwest, kust en Westergo, It Lege Midden, KNHS regio Fryslân it Fryske Túchhynder, fokferiening It Fryske greidhynder en natuerkoöperaasje Baarderadiel. "Sa wolle we sjen litte dat net inkeld feehalders in wolvestek wolle, mar elk yn it bûtengebiet. Dat leit mear gewicht yn de skaal."
Ferline jier spruts in mearderheid fan Provinsjale Steaten him út tsjin de festiging fan de wolf yn Fryslân. Dy moasje is nea útfierd troch it provinsjaal bestjoer, omdat de wolf nasjonaal en Europeesk in beskerme bistesoart is.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
De Stichting Wolvestek wol gjin stek om hiel Fryslân hinne, mar inkeld om it greidegebiet. De grutte natuergebieten, it Drents-Friese Wold, it Fochtelderfean en it Lauwersmargebiet bliuwe bûten beskôging. Dêrmei wolle de stichting foldwaan oan Europeeske regels dy't beskerming fan de wolf foarskriuwe.
"Jo meie de wolf net bejeie, net ferjeie en net fersteure, mar de wolf opkeare mei wol. Wy binne net tsjin de wolf op himsels. Yn natuergebieten kin er bêst in goede funksje hawwe. Yn it greidegebiet makket er in slachting ûnder it fee. In stek soarget derfoar dat der gjin wolf tusken de kij, hynders of skiep omspane kin. Ik kin gjin wolf tusken myn skiep hawwe. Jo kinne de liuw en it laam net njonken inoar litte en ferwachtsje dat se freontsjes wurde," seit foarsitter Jehan Bouma fan Stichting Wolvehek Fryslân.
Ferslachjouwer Onno Falkena
© Omrop Fryslân