Provinsje stipet aktive skoalreizen yn eigen provinsje

22 mrt 2021 - 17:30

De provinsje lûkt sa'n 550.000 euro út foar in regeling foar wurkwiken foar middelbere skoallen. De provinsje stipet ek in idee fan Eelke Dykstra fan Holland Sail, dat skippen ferhiert: skoalreizen yn eigen provinsje. "Sy komme op de skippen yn 'e kunde mei de dark sky, wy falle drûch en sykje moksels. It kin hiel aktyf. Yn in stêd wurde se in museum yn jage en dan sitte se binnen de koartste klappen yn de McDonald's. Mar dat kin thús ek wol, wy besykje kennis fan it Waad en de natuer oer te bringen."

Argyfbyld op de Waadsee - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Gewoanwei is der in grut ferskaat oan minsken op de skippen, fertelt Dykstra. "Wy hawwe ferskate doelgroepen op ús skippen: bedriuwen, famyljes, ferieningen, mar ek skoalreizen. Dy skoallen besteane foar it grutste part út Dútske skoallen. Wy hiene altyd soks fan: hoe kin dit no? Wy wolle ek gewoan Nederlânske en Fryske skoallen. Want foar in soad fan ús eigen bern is it Waadgebiet ek hartstikke ûnbekend."

Gjin Dútske skoalbern mear

Fanwege it coronafirus meie de Dútske skoallen net mear komme. "De skoalreizen binne foar hiel 2021 ferbean. Dêrom tochten wy: it soe moai wêze om no de Fryske skoallen hjir hinne te krijen." En dat slagge ek noch, fertelt Dykstra. "Ik moat in grut komplimint jaan oan de provinsje. Ik hie in oerlis mei deputearre Fokkens en kommissaris Brok, dêr hawwe wy gau in plan makke. Mar dêrnei is it rap oppakt, it is fuort úteinset. Dêr bin ik tige wiis mei."

Neffens Dykstra smite de Waadreiskes in soad op. "It sosjale libben fan skoalbern leit stil, dêr is it ek goed foar. Sy kinne in voucher krije om sa'n 25 persint koarting te krijen op in skoalreiske. En it is ek goed foar de duorsumens: net mei it fleantúch nei it bûtenlân, mar gewoan sile yn eigen lân."

Eelke Dykstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)