Wer gjin ferrommingen foar hoareka: "It makket synysk"

22 mrt 2021 - 17:01

De coronamaatregels wurde noch net ferromme: kofje op it terras sit der noch net yn. Dat ta frustraasje fan ûndernimmers. Douwe Gerlof Heeringa fan The Friezinn yn Westhoek is der suver lilk oer. "Begjin maart wisten sy ek wol dat wy yn in tredde weach telâne komme soene. Je boartsje sa mei de hoop fan de minsken, dat makket synysk en sarkastysk. De anargy jokket om de boel wer iepen te smiten. Ik bin net de persoan dy't dat docht, mar ik sjoch wol dat minsken oars wolle."

Noch gjin ferrommingen foar ûndernimmers

"As it net kin, dan kit it net," seit Heeringa. "Mar begjin maart is der wol in perspektyf jûn, net ûntafallich yn de moanne dat der ferkiezingen binne. Yn Dútslân binne der sneltesten, dêr kin it allegearre. Mei de krystdagen wiene dêr ek al ideeën foar, mar wy binne no maart en it liket der op dat wy pas yn april iepen geane. Wat is der yn de tuskentiid bard? It makket je sarkastysk."

Neffens Heeringa moat der mear sjoen wurde nei konkrete oplossingen. "Ut de hoareka en de festivalwrâld binne der oplossingen oanbean lykas in corona-app, der binne ferskate fieldlabs op dit stuit. En ôfrûne simmer hawwe hoarekakollega's de terrassen iepene op oardel meter, mei 30 minsken op syn meast. Sjoch dêr ris mei, dat soe bêst kinne. Ik bliuw posityf, mar it is ferskriklik: wy wolle hiel graach iepen."

Douwe Gerlof Heeringa, eigener fan The Friezinn

(Advertinsje)
(Advertinsje)