Man swier ferwûne nei fal yn Ljouwert

22 mrt 2021 - 16:53

Yn Ljouwert is moandeitemiddei in man swier ferwûne rekke by in fal fan gruttere hichte. Neffens omstanners giet it om in skilder dy't op in ljedder stie om in hûs oan de Ibisstrjitte te fervjen.

Foto: Kappers Media

De ambulânse is op it plak fan it oangelok oanwêzich en in traumahelikopter is fierderop yn de wyk lâne. De helpferlieners binne drok dwaande mei it slachtoffer.

Trefwurden: 
Ljouwert fal skilder
(Advertinsje)
(Advertinsje)