Dochs ekstra sit foar D66, goed nijs foar Romke de Jong

22 mrt 2021 - 16:06

D66 krijt dochs in ekstra sit yn de nije Twadde Keamer. De partij komt net út op 23, mar op 24 sitten. Dat is goed nijs foar Romke de Jong fan De Gordyk. Hy stie op plak 24 fan de kandidatelist en komt troch de nije tuskenstân op eigen krêft yn de Keamer.

Romke de Jong - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De ANP Verkiezingsdienst komt mei de nije útslach, no't de gemeente Amsterdam de definitive útslach fan de ferkiezingen dêr bekend makke hat. De ekstra sit foar D66 giet derôf by de VVD. Dy partij krijt no gjin 35, mar 34 sitten.

De kâns wie al grut dat De Jong yn de Twadde Keamer komme soe. Want ek al soe D66 'mar' 23 sitten krije, de kâns dat dy partij yn it nije kabinet komt is grut. Dan soenen guon D66'ers in put as minister of steatssekretaris krije en dan soe De Jong opskowe nei in Keamersit. Mar dêr hoecht er no net mear op te wachtsjen.

Fan de reservebank ôf

De Jong sels is der wiis mei, mar hâldt noch hieltyd in slach om 'e earm. "Tiisdeitemiddei om 15.00 oere witte wy it echt definityf. It wie echt in achtbaan. Ofrûne tongersdei mocht ik foar it earst mei de nije fraksje sitte, mar doe hearde ik oan de ein fan de dei dochs dat it werom nei 23 sitten gie. Dan moatte je wer efkes op it reservebankje wachtsje. No komt der in moai berjocht binnen, mar ik doar my net te bot te ferhûgjen. Mar foar no liket it goed en dêr bin ik tige bliid mei."

Romke de Jong fan D66

Foar de oare partijen feroaret de útslach fan Amsterdam neat yn it tal sitten. Tiisdei komt de gemeente Den Haag noch mei in definitive útslach en dan wurde ek de resultaten fan de briefstimmers út it bûtenlân bekend.

It is noch net dúdlik oft dat ek ferskowingen yn it tal sitten ta gefolch hat. Yn de gemeente Den Haag giet de VVD oan kop, ûnder Nederlanners yn it bûtenlân binne de VVD en D66 populêr.

Romke de Jong yn de ferkiezingsnacht:

Op ûndersteande kaart is te sjen hoe't alle gemeenten dit jier stimd ha, troch op de betreffende gemeente te klikken.

(Advertinsje)
(Advertinsje)