Waadwachterspost by sânplaat De Richel giet nei Rykswettersteat

22 mrt 2021 - 15:54

Natuurmonumenten hat it behear fan de driuwende Waadwachterspost by sânplaat De Richel oerdroegen oan Rykswettersteat. Dit ponton wurdt alle jierren fersleept nei De Richel, de ôfsletten Waadplaat net fier fan Flylân. Ut de post wei wurdt de natuer beskerme. De Richel is in rêstplak foar in soad bisten, bygelyks fûgels as de strânljip en de sângril.

Foto: Rijkswaterstaat Noord NL

Natuurmonumenten wie al langer op syk nei in opfolger, om't sy 'mear fokus' yn it wurk op it Waad wolle. De 'Waadwachters' fan de ôfrûne jierren - frijwiligers fan Natuurmonumenten - bliuwe de post bemanjen. Dat dogge se tusken april en septimber.

De post is in ûndersyksplak, mar der wurdt ek foarljochting jûn foar besikers fan it Wrâlderfgoed. Dat dogge se yn gearwurking mei de Waddenunit, en it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ).

(Advertinsje)
(Advertinsje)