174 nije coronabesmettingen yn Fryslân yn de ôfrûne 24 oeren

22 mrt 2021 - 15:20

It RIVM meldt moandei 174 nije coronabesmettingen yn Fryslân. Dat binne der 69 minder as snein. Doe wienen der 243 besmettingen meld. Yn trochsneed wie it deistige tal besmettingen dizze wike 226.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeente Súdwest-Fryslân (33), dêrnei folgje De Fryske Marren (24) en Waadhoeke (19).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der hawwe twa sikehûsopnamen west yn Fryslân, dat giet om ynwenners fan Skylge en Weststellingwerf.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlike sifers

Lanlik binne der 6.340 nije coronagevallen registrearre. It deistige lanlike gemiddelde fan de ôfrûne wike wie 6.480.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

(Advertinsje)
(Advertinsje)