Fertochte oanholden foar grutte brân yn loads Easterwâlde

22 mrt 2021 - 17:45

De plysje hat in fertochte út Amsterdam oanholden foar de brân yn de loads yn Easterwâlde, ein febrewaris 2020. De 50-jierrige man wurdt fertocht fan belutsenens by de brânstichting yn it bedriuwekompleks.

Foto: CAMJO Media

"We hebben vanochtend een 50-jarige man uit Amsterdam aangehouden in Amsterdam, vanwege betrokkenheid bij deze zaak," seit plysjewurdfierder Ragni de Langh. "Er is een grootschalig onderzoek geweest, we hebben getuigen gehoord, camerabeelden bekeken maar ook een oproep gedaan in het programma Opsporing Gezocht."

De loads fan sa'n 8.000 kante meter oan de Houtwal waard yn de nacht fan 29 febrewaris op 1 maart 2020 yn 'e brân stutsen. It guod en de merke-attraksjes dy't yn de loads leine, binne folslein yn flammen opgong. De skea rint yn de miljoenen euro's. "Meer dan 100 brandweerlieden zijn er die nacht heen gegaan om de brand te blussen. Door gasflessen en de wind was het echt een moeilijke klus om het vuur uit te krijgen," fertelt De Langh.

Soargen oer feiligens

Undernimmers yn Easterwâlde makken harren al langere tiid soargen oer de feiligens op it bedriuweterrein oan de Zoltstede. In jier as wat lyn wiene der ek al problemen. De ûndernimmers ha mei-inoar in kollektyf opset om de befeiliging oan te skerpjen.

De plysje hat wiidweidich ûndersyk dien nei de brân. De brân is ûntstien yn it part fan de loads dêr't de merke-attraksjes stienen. Ut ûndersyk hat bliken dien dat by de brânstichting in brânbere floeistof brûkt is en der mooglik in âlder model fan in Volkswagen Caddy by belutsen is.

Mooglik mear oanhâldings

Fierder hat de plysje buertûndersyk dien en kamerabylden út de omkriten besjoen. It ûndersyk is noch net dien. De plysje slút mear oanhâldings net út.

In dei foar de brân waard der in grutte drugsbinde oppakt, dy't út in kringloopwinkel wurke dy't net fier by de loads wei stie. Der giene al rap ferhalen dat der mooglik in ferbân wêze soe. Neffens De Langh is dat lykwols net sa. "Op dit moment blijkt dat deze zaken niets met elkaar te maken hebben."

Plysjewurdfierder Ragni de Langh

Dronebylden fan it 'oarlochsgebiet' yn Easterwâlde nei de brân:

Trefwurden: 
Easterwâlde loads
(Advertinsje)
(Advertinsje)