Basisskoalle yn Boyl ticht om grutte corona-útbraak

22 mrt 2021 - 14:56

Basisskoalle De Oostenbrink yn Boyl bliuwt de hiele wike ticht fanwege in corona-útbraak. Hoefolle besmette learlingen en personielsleden der binne op de skoalle makket de koepel Comprix net bekend. Bestjoerder Jan Veenstra fan de skoalkoepel seit dat it der in soad binne.

De Oostenbrink - Foto: Google Street View

"Er is sprake van een groot aantal besmettingen, ook in de gezinnen van scholieren", seit Veenstra. "Dat weten we ook door het hogere aantal test dat wordt afgenomen. Daarvan is 7,5 tot 8 procent positief."

It probleem spilet 'm benammen ôf yn groepen 1/2 en 7/8. In wike earder wiene der al trije âlden en twa learlingen út groep 1/2 posityf test. Dy klasse siet al thús.

Neffens Veenstra binne der al 10 oant 15 kear klassen fan skoallen fan de koepel nei hûs stjoerd fanwege besmettingen. In kasse bliuwt dan fiif oant tsien dagen thús.

De GGD docht op it stuit boarne- en kontaktûndersyk. Skoalkoepel Comprix hat skoallen yn Opsterlân en East- en Weststellingwerf.

Trefwurden: 
Boyl basisskoalle coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)