Dea hûntsje fûn lâns N31 by Harns

Lâns de N31 tusken Harns en Surch is moandei in dea hûntsje dumpt. Dat meldt de Biste-ambulânse yn de gemeente Waadhoeke. It hûntsje is fûn op in rêstplak foar frachtweinen. Hoe't it hûntsje oan syn ein kaam is, is net dúdlik.
Neffens Richard Bijman fan de biste-ambulânse is it bistje net oanriden. Der binne ek gjin oare oanwizings dy't dúdlik meitsje hoe't it hûntsje deagong is. De biste-ambulânse siket nei mear ynformaasje, "maar dat is een speld in een hooiberg", seit Bijman.
"Ik kreeg een melding van de dierenambulance in Groningen omdat een Groninger vrachtwagenchauffeur de pup aantrof langs de weg. Het gaat om een overleden herderspup van zo'n 20 weken oud. Ik denk dat een buitenlandse importeur teveel pups in de auto had, en dat deze is overleden door beknelling. We hebben de politie gesproken om te informeren naar de camerabeelden van het pompstation," fertelt Bijman.
Faak makket de biste-ambulânse sokke lugubere fynsten net mei. De lêste kear wie de brúnfisk dy't yn 2016 achter in auto oansleept waard yn Seisbierrum.

Donateurs socht foar kremaasje

Eventuele tsjûgen dy't mear witte oer it deade hûntsje kinne har melde by de plysje yn Harns. De biste-ambulânse bewarret it hûntsje in moanne. As de eigener him tsjin dy tiid net meld hat, wol de stichting it bistje kremearje litte. Dêrfoar sykje se minsken dy't dêroan meibetelje wolle.
Richard Bijman fan de diere-ambulânse