Aksjegoep Skiermûntseach benaud foar ynstabile kust troch oanlis stroomkabel

22 mrt 2021 - 14:07

In groep ynwenners fan Skiermûntseach ferset him tsjin de plannen om in stroomkabel ûnder it eilân troch te lizzen. De oanlis fan de kabel fan netbehearder Tennet is nedich om stroom fan in wynmûnepark yn de Noardsee nei de Eemshaven yn Grinslân te bringen. Neffens de tsjinstanners hat dat grutte gefolgen foar de natuer en de feiligens. Thom Verheul is ien fan harren: "De kustwering wordt zo instabiel dat 20% van het eiland verloren kan gaan."

Foto: ANP Foto

De kabel giet ûnder oare troch it natuergebiet fan sânplaat de Balch troch. Minister Wiebes hat dêrfoar keazen, seit Verheul fan de aksjegroep. Boppe de rûte fan de kabel wenje gjin minsken. Oare trasees troch Fryslân binne ôfwiisd. Probleem is neffens Verheul dat autoriteiten lykas de provinsje en de gemeenten meigien binne yn it proses. Se hawwe in foarkar opjûn en dat hie net moatten.

Kust wurdt ynstabyl

Om krekt te wêzen wurde der twa gleuven groeven fan 8 meter djip oer in breedte fan elk 25 meter. De gefolgen foar de natuer en de kust kin sels Rykswettersteat net goed ynskatte, neffens Verheul. Boppedat hat der gjin kontakt west oer dizze saak mei ien fan de grutste saakkundigen oan de universiteit fan Grins op dat mêd. Verheul is benaud dat troch de oanlis fan de kabels de struktuer fan de natuerlike kustbeskerming ynstabyl wurdt. By heechtij kin der in ferbining komme tusken de Noardsee en de Waadsee en dêrtroch kin ienfyfde fan it eilân ferlern gean

Netbehearder Tennet hâldt moandeitejûn in digitale ynformaasjegearkomste foar de eilanners oer it plan

Tom Verheul oer stroomkabel ûnder Skiermûntseach troch

(Advertinsje)
(Advertinsje)