Atlantikwallkrante falt op de matte by bewenners Waadgebiet

22 mrt 2021 - 13:47

Bewenners fan it Waadgebiet krije fan dizze wike ôf in krante yn de bus oer de Dútske ferdigeningswurken yn it gebiet. It giet om in ienmalige útjefte. Yn de krante stiet alles oer de bunkers en oare gebouwen, dy't ûnderdiel wiene fan de Atlantikwall yn de Twadde Wrâldoarloch.

Bunkermuseum op It Amelân - Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

De Atlantilwall is in 6000 kilometer lange Dútske ferdigeningsliny fan Spanje oant Noarwegen. De strannen fan Normandië yn Frankryk binne by elkenien wol bekend. Minder minsken witte dat it Waadgebiet ek in frontliny wie. De Twadde Wrâldoarloch spile him benammen ôf yn de loft en op see. Bewenners fan de Waadeilannen en de Fryske kust hawwe de delsketten fleantugen delkommen sjoen.

Krante fol ferhalen

De krante fol mei ferhalen en foto's komt tagelyk mei de wykblêden. Hy is ek te krijen by de VVV's en de toeristeynformaasjepunten yn it gebiet. Der stean ek rûtes yn. Tsien lokaasjes fan Den Helder oant en mei Grinslân binne tagonklik makke en fertelle it ferhaal fan wat der bard is.

De Atlantikwallkrante is it lêste projekt yn it Waadgebiet dat mei jild út it Waadfûns mooglik makke is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)