VNO-NCW oer útstel fan ferrommingen: pine wurdt hieltyd grutter

It útstellen fan de taseine ferrommingen fan de coronamaatregelen is in grutte tebeksetter foar ûndernimmers. Dat fynt Sieger Dijkstra, foarsitter fan de noardlike ôfdieling fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW. Foar ûndernimmers begjint it mear en mear te knipen. De pine wurdt hieltyd grutter en de tiid fan werstel duorret langer en langer. Teste oan de doar soe in oplossing wêze kinne, fynt Dijkstra. "De testcapaciteit is er."
© Omrop Fryslân, Anna Groenia
Neffens boarnen út Den Haag sille premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge tiisdeitejûn op de parsekonferinsje bekend meitsje dat der foarearst gjin ferrommingen fan de coronamaatregels komme. Dat betsjut dat winkels, restaurants en kafees de doarren noch altyd ticht hâlde moatte. En dat is in flinke klap foar it MKB, fernimt Dijkstra. "Het is lente en iedereen wil graag weer los. De capaciteit om te testen aan de deur is er. Waarom doen we daar niet meer mee?"

Testkapasiteit opfiere

VNO-NCW is al langere tiid dwaande om dy kapasiteit noch fierder op te fieren. Mear teste bestjut mear iepenheid en dan wurde der ek mear minsken útpikt dy't besmet binne. Grutte eveneminten organisearje is op koarte termyn miskien wat dreech, wit ek Dijkstra, mar teste kin wol frij maklik by winkels en restaurants. "Dat kost geld, maar daardoor worden wel de besmette mensen eruit gehaal en zal het aantal coronabesmettingen zakken."

Manmachtich ynintsje

Dijkstra wol stimulearje dat mear minsken test wurde, mar hy hat ek syn hope festige op manmachtige ynintingen. "We horen dat er in mei en juni meer gevaccineerd wordt. Daar kijken we met smart naar uit."
Sieger Dijkstra fan VNO-NCW