Makelder oer hege hûzeprizen: "Dit ha ik noch nea earder meimakke"

22 mrt 2021 - 12:34

"Dit ha ik yn 26 jier noch nea sa meimakke." Dat seit makelder Willem Donker, foarsitter fan de Fryske ôfdieling fan de feriening foar makelders, as reaksje op it nijs dat de hûzeprizen yn Fryslân it ôfrûne jier mei mar leafst 10 prosint omheech gong binne. Hieltyd faker komme de heechste biedingen fan minsken út it westen fan it lân. "Dy skrikke dochs krekt wat minder fan de hegere prizen as wy hjir yn Fryslân."

Foto: ANP Foto

Hieltyd mear minsken út de Rânestêd keapje in hûs yn Fryslân, fernimt Donker. Dêrtroch binne de prizen yn de gemeente De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân it ôfrûne jier it measte omheech gong. Donker: "As wy oardel jier lyn in hûs te keap setten, dan wiene wy bliid dat der nei in wike ris ien belle foar in besichtiging. It lêste jier is it omdraaid. Hast foar elk hûs dat wy te keap sette, ha wy yn in oere tiid wol 15 of 20 oanmeldings."

Ferhûzje fanwege corona

Tsien oant 15 prosint fan de wennings dy't Donker yn portefúlje hat, wurde úteinlik ferkocht oan minsken út de Rânestêd. "Dat komt mei troch de coronakrisis, dy't minsken oan it tinken set hat", leit er út. "Minsken moatte hieltyd faker thús wurkje, dus dan kin dat like goed fanút in wenning yn Fryslân. As der mar goed ynternet is, dan kinst oeral wol wenje en wurkje."

Wat is de oplossing?

De hegere prizen soargje der foar dat starters yn Fryslân hieltyd minder kâns meitsje op in earste hûs. Hoe't dat oplost wurde moat, wit Donker ek net. "Der is simpelwei te min oanbod. De iennige wize om dat op te lossen is troch nije hûzen te bouwen. Mar ik fernim hjir op It Hearrenfean ek hieltyd faker dat der ferkeapers binne dy't harren hûs gunne oan in jong stel út de buert wei. Hulde, mar soks kinne wy net ôftwinge."

Makelder Willem Donker

(Advertinsje)
(Advertinsje)