Weststellingwerf makket flater mei trochjaan fan FVD-foarkarsstimmen

De gemeente Weststellingwerf hat in flater makke mei it trochjaan fan de foarkarsstimmen. By it stimburo yn it gemeentehûs fan Wolvegea binne alle stimmen dy't FVD'er Wybren van Haga krigen hat, opteld by FVD-listlûker Thierry Baudet.
Weststellingwerf makket flater mei trochjaan fan FVD-foarkarsstimmen
Forum voor Democratie hat net mear stimmen krigen as trochjûn (112), mar de ferdieling oer de kandidaten is dus oars. Yn it proses-ferbaal stie dat Baudet 112 stimmen krigen hie en Van Haga 0. Dat blykt no oars te sitten: Van Haga hat 52 stimmen, Baudet 60. Dat stiet ek yn de oantekeningen fan de foarsitter fan it stimburo yn Wolvegea. Weststellingwerf hat it haadstimburo yn Ljouwert ynformearre oer de flater.
Troch de wiziging hat Van Haga mear stimmen yn hiel Weststellingwerf krigen as Baudet. Yn totaal krige de nûmer twa fan Forum voor Democratie yn 14 fan de 18 Fryske gemeenten mear stimmen as listlûker Baudet.

Flater sûnder gefolgen

Sybrand Buma is foarsitter fan it haadstimburo en hy fynt dat it beswier terjochte is. Mar Buma begrypt de flater wol. "Ik heb woensdag gezien hoe ingewikkeld het tellen geworden is, dus dat er ergens een keer in Friesland een stembureau is waar één keer de stemmen op de verkeerde persoon zijn bijgeteld, dat kan gewoon gebeuren. Het betekent niet dat de hele verkiezingsuitslag op z'n kop gaat, want Van Haga zat al in de Kamer. Het is een fout die geen gevolgen heeft voor de uitslag."

Ek flater yn Ljouwert

Njonken de flater yn Wolvegea, wie der noch in selde ferlykbere situaasje by in stimburo yn Ljouwert. Buma: "Daar is dezelfde soort fout gemaakt bij het tellen, maar dan binnen D66. Ook daar heeft het gelukkig geen gevolgen voor de uitslag." Nettsjinsteande beide flaters is Buma tige te sprekken oer it ferrin fan it stimmen dit jier. "Ik vind dat het proces heel goed is gegaan. Maar het is wel erg ingewikkeld geworden, met heel veel partijen, heel grote lijsten en dan ook nog corona. Het is bijna onvermijdelijk dat er dan dingen misgaan."
Sybrand Buma fan it haadstimburo yn Ljouwert oer de flater
© ANP Foto