Dyk tusken Spannenburch en De Lemmer ticht foar renovaasje brêge Follegea

22 mrt 2021 - 11:10

De N354 tusken De Lemmer en Spannenburch is de kommende moanne in skoft ticht. De sechstich jier âlde brêge wurdt folslein renovearre. De beweechbere konstruksje krijt in nij brêgedek.

Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Neffens de Provinsje Fryslân sjit it wurk oan de brêge aardich op. Yn ferbân mei it pleatsten fan it brêgedek is de grutte dyk tusken Follegea en De Lemmer fan 30 maart oant en mei 14 april ticht. It autoferkear moat omride oer de N359 oer Sleat en Sondel of oer de N927 oer Sint- Nyk en de sneldyk A6.

It opknappen fan de brêge by Follegea is al yn novimber úteinset. De oannimmer hat mei in grutte kraan it dek fan de brêge takele. Dat dek is foar in nije boppelaach nei in fabryk yn Emmen brocht. It farferkear kin sûnt it begjin fan it wurk net by de brêge del. Der is in omliedingsrûte ynsteld oer de Skaster Rien en de Jaansleat.

Op 30 maart komme de grutte ûnderdielen mei in spesjaal transport fan Emmen nei Follegea.

Omliedingsrûte foar wurksemheden Follegea - Foto: Provinsje Fryslân

Begjin maaie klear

Mids april wurde der kamera's pleatst foar it oansluten fan de brêge op sintrale betsjinning. De brêge moat begjin maaie klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)