Woudagemaal ûnder stoom brocht om eigen personiel op te lieden

22 mrt 2021 - 11:03

It histoaryske Woudagemaal op De Lemmer wurdt de kommende dagen wer ûnder stoom brocht. Net om't de wetterstannen yn ús provinsje te heech binne, mar foar it oplieden fan it eigen personiel.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Om de masjinisten en stokers fan it Woudagemaal kennis by te bringen oer de gemalen, wurdt it gemaal ûnder stoom brocht. Wetterskip Fryslân docht dat om't der altyd in 'gezonde en getrainde' draaiploech klear stean moat.

It stoomgemaal út 1920 soarget derfoar dat wy drûge fuotten hâlde. It gemaal is sûnt 1998 Unesco wrâlderfgoed. Publyk is troch de coronakrisis op dit stuit net wolkom yn it Woudagemaal.

Trefwurden: 
De Lemmer Woudagemaal
(Advertinsje)
(Advertinsje)