Hûzeprizen op Flylân it heechste; wenningen yn Noardeast-Fryslân it goedkeapste

De trochsneed ferkeappriis fan in keapwenning yn ús provinsje wie ferline jier goed 254-tûzen euro. Dat is goed tsien prosint djoerder as in jier earder. De priis wie syn heechst op Flylân, mei in gemiddelde ferkeappriis fan 402-tûzen euro.
Hûzeprizen yn Fryslân
Opfallend is dat de prizen op de Fryske Waadeilannen it heechst binne. Op it fêstelân wienen de hûzen yn de gemeente De Fryske Marren it djoerst, nammentlik in lytse 312-tûzen euro. Yn Noardeast-Fryslân wie de gemiddelde ferkeappriis it leechst yn ús provinsje. Dêr gong in hûs foar goed 215-tûzen euro fuort.

Oeral de prizen omheech

Yn hast alle Fryske gemeenten gong de gemiddelde ferkeappriis it ôfrûne jier omheech, allinnich op Flylân en Skiermûntseach bleaune de prizen sawat like heech.
© ANP Foto

Trochsneed hûzeprizen de gemeente

Gemeente 2020 2019
Flylân 402.200 404.100
Skylge 382.300 327.500
Skiermûntseach 347.200 350.800
Amelân 346.900 321.200
De Fryske Marren 311.900 268.800
Hearrenfean 286.200 257.800
Opsterlân 284.100 254.900
Súdwest-Fryslân 264.600 225.700
Weststellingwerf 264.500 233.400
Tytsjerksteradiel 257.900 235.600
Dantumadiel 257.900 234.200
Eaststellingwerf 253.000 238.200
Smellingerlân 244.100 233.500
Achtkarspelen 241.100 216.500
Harns 234.200 216.400
Ljouwert 230.700 215.900
Waadhoeke 218.100 209.100
Noardeast-Fryslân 215.500 194.800

Stiging de ôfrûne 5 jier

Sjoen nei de hûzeprizen de ôfrûne fiif jier, dan falt op dat yn alle Fryske gemeenten de prizen omheech gean. Mei as útsûndering de eilannen Skiermûntseach en Flylân.