Bysûndere 19e-iuwske plafondskilderingen fûn yn Ljouwerter hearehûs

22 mrt 2021 - 14:48

It liket hast wol in útstjoering fan Tussen Kunst en Kitsch. By it fuortheljen fan it âlde gipsplafond kamen hoareka-ûndernimmers Willem Adema en Baukje Haarsma samar ynienen trije prachtige plafondskilderingen tsjin. Dêr't sa'n bysûndere fynst yn Tussen Kunst en Kitsch gewoanwei in soad jild opsmyt, kostet it yn dit gefal allinnich mar sinten. "De restaurator is al acht maanden bezig."

Bysûndere 19e-iuwske plafondskilderingen fûn yn Ljouwerter hearehûs

Foar harren nije hoarekasaak 'In de brouwerij' yn de Ljouwerter binnestêd ferbouwe Willem en Baukje in monumintaal hearehûs út 1870. Dêr kamen se ta harren grutte ferrassing plafondskilderingen tsjin. Willem: "Het was voor ons een mooie verrassing, want al deze plafonds waren maar liefst 75 jaar lang zorgvuldig weggetimmerd. We hebben een aantal eerdere bewoners op visite gehad, maar geen van allen hadden ze weet van deze schilderingen."

Spektakulêre fynst

De meast spektakulêre fynst diene boufakkers yn de foarkeamer op de earste etaazje fan it hearehûs. Ek yn de efterkeamer en yn de túnkeamer binne plafondskilderingen fûn. Willem: "We zijn in januari 2020 begonnen, net voor de coronacrisis. Door de vondst van de plafonds hebben we flink wat vertraging opgelopen en moesten we ons plan steeds bijstellen. Maar dat hebben we er graag voor over. We hebben straks schitterende plafonds die de ruimtes een unieke sfeer en beleving geven."

Eigener Willem Adema

Yn stee fan de plafonds op 'e nij fuort te wurkjen efter in nij gipsplafond, naam it hoarekastel it beslút om de skilderingen te restaurearjen. In beslút dat harren mar leafst 130.000 euro ekstra kostet. Restaurator Randolph Algera fan It Hearrenfean is yntusken al acht moannen dwaande. "Toen ik hier kwam, kreeg ik door de gaten in de systeemplafond een indruk van hoe mooi het plafond ooit was geweest. Toen begon het bij mij echt te kriebelen."

Mozayk fan snippers

Stapke foar stapke hat Algera alle plafonds ûnder hannen naam. "Ik ben begonnen met een kleuronderzoek. Daarvoor schraap ik met een mesje de lagen weg en doe testjes hoe ik de kleuren kan renoveren. Vooral het plafond in de tuinkamer was een meesterwerk. Daar heb ik wel drie maanden tijd in gestoken. Je wilt zo veel mogelijk oorspronkelijke details bewaren. Met een injectienaald en Japans papier heb ik alle loshangende snippertjes teruggelijmd en aan elkaar verbonden."

Om alle ûnferhoedske ekstra kosten betelje te kinnen, binne Willem en Baukje begûn mei in crowdfundingsaksje. "De verbouwing loopt een beetje uit de hand, net als de kosten. Ik hoop dat eind mei, begin juni alles klaar is en we met de versoepelde coronamaatregelen weer open mogen. Dan kan iedereen onze prachtige plafonds bewonderen."

Restaurator Randolph Algera

Trefwurden: 
Ljouwert plafondskildering
(Advertinsje)
(Advertinsje)