Kollum: "Kikkerts"

22 mrt 2021 - 08:25

"Juster wie it offisjele begjin fan de maitiid, wat my betreft it moaiste seizoen fan it jier. Oeral yn ús tún groeie snieklokjes, wy wurde moarns wekker troch it sjongen fan de fûgels en ek de earste kikkerts ha wy al wer sjoen. Allinnich moatte dy har noch wat opskerpje.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Doe't wy yn it foarjier fan 2019 foar de allerearste kear ús hûs beseagen - it stie doe noch te keap - moasten we der om tinke om net op in kikkert stean te gean. De hiele fiver siet fol mei kikkerts. Fan hiele lytses mei fan dy nijsgjirrige eachjes oant fan dy dikke podden, mei grauwe pûsten op 'e rêch.

De kikkerts hipten net allinnich by de fiver om, ek yn it bosk moasten wy útsjen om net boppe-op ientsje te stappen. Us hiem wie in wier kikkertparadys. Dat bleau fansels sa doe't wy dêr kamen te wenjen, want kikkerts ferhûzje net. Dy binne honkfêst, fernamen wy al gau.

Doe't wy de fiver ferline simmer omtsjoene woenen ta swimfiver, moast al it brûne drapwetter der út. Dat wie noch in hiele klus, benammen ek omdat al dy kikkerts der út moasten. Mei skepnetten fisken wy se út it wetter en setten se in eintsje fierderop yn in grutte sleat. Mar se bleaunen mar weromkommen. Wy koenen ús de kont noch net keare of der siet al wer in nije kikkert yn de fiver.

No bin ik net sa'n held as it om bisten giet. Yn elk gefal net om bisten dy't swimme en fleane kinne. Ik bin deabenaud foar fûgels en fisken. En kikkerts hearre wol in bytsje by dy lêste kategory. Dy lytskes doar ik noch wol te pakken, mar by dy grutten rint de grize my oer de grauwe.

Ien kear ha'k sa'n dikke podde yn hannen hân. Hy sprong mei syn kâlde, glêde bealch tsjin myn hânpalm oan en ik âle it út. Gillend bin ik oer it sânpaad nei de sleat ta draafd. Wa't my sjoen hat, sil my noait wer foar fol oansjen.

Sa healwei de hjerst, as it kâlder wurdt, ferdwine de kikkerts stadichoan. Se sykje in plakje yn de modder foar de winter. Stikem liket my dat ek hearlik. Om my del te jaan ûnder in waarme, dikke tekken en de winter gewoan oer te slaan. Om ferfolgens pas healwei maart, as de sinnestrielen my wekker meitsje, wer foar it ljocht te kommen op in moaie maitiidsdei.

Ferline wike snein wie it sa'n moaie maitiidsdei. It sintsje skynde en wy krigen ús tantesizzers op besite. De froulju fan twa-en-in-heal en fjouwer jier woenen graach bûten yn de tún op de grutte trampoline springe. De learzens moasten út. As lytse kikkertsjes hipten se op de trampo en makken de moaiste koprollen.

Doe't it tiid wie om nei hûs te gean, die de âldste de learzens wer oan. Se sette in pear stappen en seach my mei in fiis gesicht oan. 'Tante Nyne, der sit wat yn myn lears.' Doe't se de lears útluts en op de kop hâld, rûgele der in propke út. Ik tocht allerearst oan in bledsje fan de beam. Oant dat bledsje begûn te bewegen. It wie in kikkert. In ferfrommele kikkert, dy't noch heal sliepdronken fuorthipte. Doe wist ik seker: de maitiid is wer begûn!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)