Brânwacht fynt ûndergrûnske hut nei brân

21 mrt 2021 - 21:00

De brânwacht fan It Hearrenfean hat in nuvere ûntdekking diet doe't se yn de bosken fan Oranjewâld in brân útmeitsje woenen. Flakby it fjoer fûnen se in ûndergrûnske hut ynklusyf meubilêr.

Nei de melding moast de brânwacht mei help fan twa froulju in stik kuierje om by de natuerbrân te kommen. Doe't se op it plak fan it fjoer oankamen wie de brân al gau út. Mar fuort dêrnei waard in behoarlike ûndergrûnske hut oantroffen. Hjiryn stiene twa bankstellen en waarden ek ferskate mûlkapkes fûn.

De hut wie net te sjen fan it kuierpaad ôf. De plysje hat by de hut west en de saak op papier set. It is net dúdlik fan wa't de hut is en oft dy ek wat mei de brân te krijen hie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)